De heidenske kening Redbad wie in grutte held. Hy wurdt sjoen as de ferdigener fan de Fryske frijheid tsjin de Frankyske legers en tsjin de Roomske tsjerke troch syn handich ôfwachtsjen fan de goeie mominten. Doe’t de Franken yntern ferdield wiene troch in machtsstriid, naam hy it inisjatyf en foel it Frankyske Ryk oan. Hy kaam oant Utert en yn dit Fryske Ryk waard it Kristendom mei hurde hân ferwidere. Hy stjert yn 719 en lit in grut Fryslân efter.